10 tips yn saak De Blesse

25 jun 2008 - 12:16

Der binne tsien tips kaam yn ferbân mei de dea fan Ida_Klijnstra fan De_Blesse. Se waard moandei dea yn har wenning fûn troch har man en dochter. Der wurdt útgien fan in misdriuw. Inkele fan de tips binne neffens de plysje hiel brûkber en sille fierder ûndersocht wurde.

It spoare-ûndersyk sil woansdei ôfmakke wurde. It buertûndersyk yn de Blesse sil noch in pear dagen trochgean. De útslach fan de seksje wurdt woansdei ek ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)