Utslach seksje De Blesse

Undersyk De Blesse (foto: Jilmer Postma)
De útslach fan de seksje op it lichem fan Ida_Klijnstra (52) út De Blesse wurdt oan ´e ein fan woansdeitemiddei ferwachte. De frou waard moandeitemiddei dea yn har hûs fûn. De plysje sette fuortendaliks in team mei 30 resjerzjeurs op de saak. De technyske resjerzje hopet woansdei it spoare-ûndersyk ôf te krijen. It buertûndersyk rint noch troch.
Yn oerlis mei de man fan it slachtoffer is besletten dat it doarpsfeest wol trochgiet.