Slim ûngelok by Wynjewâld

De N381 tusken Drachten en Beilen is oant de ein fan 'e middei ôfsletten foar alle ferkear. By Wynjewâld is woansdeitemoarn in frachtwein frontaal op in auto botst. De frachtauto sloech dêrby oer de kop.
De frou út de persoane-auto is slim ferwûne nei it sikehús yn Grins brocht, de frachtweinsjauffeur mankearre neat. Der is in omlieding ynsteld foar it ferkear.