Freedsmerk Ljouwert ferhuzet

De freedsmerk fan Ljouwert ferhuzet fan takom jier jannewaris ôf nei de Nijstêd-Wurdumerdyk. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert besletten. It giet om in tydlike ferhuzing dy't noadich is om't der op it Saailân ûnder mear in parkeargaraazje en in nij Frysk Museum boud wurdt.
De merkkeaplju wolle sels ek it leafst nei de Nijstêd-Wurdumerdyk, omdat dêr no ek al in soad winkeljend publyk komt.