Man (75) ferwûne nei ûngelok

25 jun 2008 - 09:40

Yn Ljouwert is tiisdei in 75-jierrige man ferwûne rekke by in ûngelok op de Carel_van_Manderstrjitte. De man fytste by de parkearde auto fan in Ljouwerter (56) del. Dy hie syn auto krekt te plak en soe útstappe, mar seach dêrby de fytser oer de holle.

De 75-jierrige man foel troch de klap mei de autodoar fan syn fyts en rekke ferwûne oan ´e holle. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)