2015:100.000 elektryske auto´s

25 jun 2008 - 06:43

Yn 2015 sille der 100.000 elektryske auto´s en oare ferfiersmiddels op duorsume brânstoffen yn it Noarden ride. Dat is alteast de bedoeling fan ´e provinsjes Fryslân, Drinte en Grinslân.

De provinsjes jouwe it goede foarbyld . Se sille sels allinnich mar mei ´duorsume auto´s´ ride. Dêrneist wolle se meihelpe om ferskate pompstasjons op te setten, twa mei ierdgas, trije mei bio-etanol en twa mei biodisel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)