Arriva nei rjochter om Qbuzz

Arriva stapt mooglik nei de rjochter as bliken docht dat de nije konkurrint Qbuzz stipe krijt fan memmebedriuw NS. Qbuzz mei tenei it iepenbier ferfier yn Súdeast-Fryslân dwaan. Arriva riidt dêr no noch, mar hat net opnij in offerte útbrocht omdat it net útkinne soe.
Arriva wol bewiis fan de provinsje dat Qbuzz in selsstannich bedriuw is. As it bedriuw driuwt op stipe fan ´e NS, soe dat ûnearlike konkurrinsje wêze, fynt direkteur Anne_Hettinga fan Arriva.