Ljouwert wol moaie binnenstêd

© Omrop Fryslân
Ljouwert moat binnen trije jier de bêste binnenstêd fan it lân hawwe. De PvdA en de VVD yn de haadstêd hawwe in plan opsteld om dat foarelkoar te krijen. It giet benammen om de strjitten nei it sintrum ta, lykas de Easterstrjitte, de Foarstreek, de Tunen en de Lytse_Heechstrjitte.
Ek wolle de twa partijen winkellju derta oansette de winkelpuien moaier te meitsjen. De etalaazjes fan leechsteande winkels soene brûkt wurde moatte foar reklame.