Buorlju skokt troch dea frou

24 jun 2008 - 17:38
  • De Blesse ôfrûne moandei(foto J. Postma)

Buorlju hawwe neat fernaam fan de dea fan in frou (52) yn De_Blesse. De frou waard moandei fûn troch famyljeleden. De plysje giet derfan út dat se troch in misdriuw om it libben kaam is. Dy plysje is yn it ramt fan it ûndersyk op syk nei minsken dy´t wat fertochts sjoen hawwe yn ´e buert fan de wente fan ´e frou.

De frou hie net in soad kontakt mei de buorlju. Dy hawwe dan ek gjin idee fan ´e reden fan har dea. Woansdei wurdt seksje dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)