Bewenners beslute oer sloop

© Omrop Fryslân
Hierders yn de Mondriaanbuert yn Ljouwert bepale sels oft har hûzen fernijd wurde. As santich prosint fan de bewenners foar it plan stimt, dan wurde 170 hierhûzen yn de buert sloopt en ferfongen troch nijbou.
Nei de simmer bringe meiwurkers fan wenningkorporaasje WoonFriesland in besite oan de bewenners. Dy wurde dan frege nei har miening oer it plan. Mocht in mearderheid akkoart gean, dan begjint it wurk mids 2009.