Gjin spanning yn Easterlittens

Berltsum tsjin Tsjummearum
De trije partijen op it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote moandeitejûn op it Plein fan Easterlittens wiene net spannend. Ljouwert wûn mei 8-3 fan Reahûs-Turns. Berltsum, de kampioen fan 2007, hie it maklik tsjin Tsjummearum: 8-0. Raerd koe it lang net oprêde tsjin Wytmarsum: 8-1.
Tissdeitejûn keatse Weidum tsjin Reduzum en Easterlittens tsjin Easterein.