Master-geselprojekt yn MBO

23 jun 2008 - 19:31

Bern dy't net goed út de ferve komme yn it MBO-ûnderwiis, moatte holpen wurde mei in saneamd master- en gesel projekt. Dat fynt de ChristenUnie yn Provinsjale Steaten. Yn in master- en geselprojekt wurde learlingen, de gesellen, keppele oan ûndernimmers mei ûnderfining, de masters. De bedoeling is dat se der beide better fan wurde.

Neffens de ChristenUnie sil deputearre Tineke Schokker it master- en gesel- projekt oankaarte by wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)