Mear natuer by Nijetrine

23 jun 2008 - 19:26

In ûndersyk fan de Dienst Landelijk Gebied lit sjen dat der goeie kânsen binne foar mear natuer by de Driewegsluis by Nijetrine. De tsjinst hat ûndersyk dien nei it draachflak om natuergebieten oan te lizzen as ferbining tusken de Rottige Meente en de Weerribben.

Dêrby is praten mei natuerorganisaasjes, pleatselik belangen, de histoaryske feriening fan Weststellingwerf en de middenstân fan bygelyks Nijetrine en Munnekebuorren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)