Brêge Wergea kin net omheech

23 jun 2008 - 15:29

De brêge yn Wergea kin de kommende simmerfakânsje in skoftlang net betsjinne wurde. Dat komt omdat der wurke wurdt oan it bewegingsmeganyk fan de brêge.

Dat wurk begjint nije wike moandei en duorret oant en mei 11 july. Earder woe de gemeente Boarnsterhim de beweechbere brêge ferfange troch in fêste. Fanwege protesten út Wergea is dat plan net troch gien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)