Sinneboatrace nei 4 oeren los

Dielnimmers Frisian Solar Challenge
Minister Van der Hoeven fan ekonomyske saken hat moandei om healwei fjouweren it startskot jûn foar de Frisian Solar Challenge. De tocht mei sinneboaten soe earst om alve oere al begjinne, mar dat waard útsteld fanwege de hurde wyn. Ek de start fan fan 'e middei wie letter as pland. Dat kaam omdat de kraan stikken gie, dy't de boaten yn it wetter tille moast.
De earste etappe giet fan Ljouwert nei Snits. De race sels duorret noch de hiele wike.