Ofslútdyk mooglik ryksmonumint

23 jun 2008 - 10:46

De Ofslútdyk wurdt mooglik oanwiisd as ryksmonumint. De Stichting Afsluitdijk hat dêrfoar in fersyk by minister Plasterk yntsjinne. De stifting wol dat de dyk ryksmonumint wurdt omdat it benaud is dat de dyk bot feroare wurdt.

De plannen fan it ministearje fan Ferkear en Wettersteat om de dyk oan te passen is reden foar de oanfraach. Minister Plasterk beslút jannewaris takom jier oer de oanwizing. Oant dy tiid moat foar wurk oan de dyk in fergunning oanfrege wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)