Soja-aksje by Friesland Foods

23 jun 2008 - 09:45

Stichting Natuer en Miljeu hat moandei aksjefierd by Friesland_Foods yn Meppel tsjin de soja dy´t de koöperaasje keapet. Neffens de aksjefierders wurdt foar it ferbouwen fan ´e soja tropysk bosk delhelle.

De soja wurdt ferwurke yn it foer foar de kij fan ´e suvelprodusint. Der waard dêrom yn Meppel aksjefierd mei in kettingseage en jungle-lûden. Neffens de aksjefierders soe Friesland_Foods oant no ta wegerje oer te gean op it brûken fan duorsume soja.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)