Oerol 2008: 55.000 besikers

55.000 besikers (foto A. van Beets)
It 27ste Oerolfestival op Skylge hat dit jier 55.000 besikers lutsen. Dat hat de Oerolorganisaasje bekendmakke. Rederij Doeksen hat yn de Oerolwike 45.000 minsken fan en nei Skylge ferfierd. Fierder wiene der tûzenen Oerolgongers dy´t mei eigen boat nei Skylge kamen.
De kuier Walking fan Robert_Wilson wie alle dagen útferkocht en dêrmei ien fan ´e topacts. It slotspektakel mei fjoerwurk en Nynke Laverman gie snein net troch fanwege de hurde wyn.