Start sinnerace faai troch wyn

23 jun 2008 - 07:31

Oan ´e ein fan de moarn wurdt dúdlik oft de Frisian_Solar_Challenge moandei fan start gean kin. De lichte sinneboaten hawwe in soad lêst fan ´e hurde wyn. Snein waarden twa fan de dielnimmers oan de prolooch optild troch de hurde wyn en sloegen om.

As de_wyn_him_deljout, wurdt der om 3 oere begûn. Alle boaten wurde dan per trailer nei de binnenstêd brocht en troch in kraan yn it wetter set. Op dy manier wurdt it gefaarlikste stikje fan de rûte, by de Kondins, omsyld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)