Lisan de Vries wint Ladies Run

22 jun 2008 - 16:56

Hurdrinster Lisan_de_Vries fan Ljouwert hat snein de earste Ladies_Run yn Grins wûn. Se rûn de tsien kilometer yn 43 minuten en 46 sekonden. To_Lam_Trang fan Grins waard op 18 tellen fan de winner twadde.

Op de fiif kilometer waard Jessica Oosterloo fan Appelskea twadde yn 18 minuten en 30 sekonden. Hanneke Hink fan Grins wûn de fiif kilometer yn 18 minuten en 16 sekonden. Der wiene yn Grins 1200 dielnimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)