Kramer kampioen triatlon

22 jun 2008 - 16:50

Mariska_Kramer fan Drachten is snein yn it Limburchske Stein Nederlânsk kampioen triatlon lange ôfstannen wurden. Nei 3000 meter swimmen, 109 kilometer fytsen en 30 kilometer rinnen kaam Mariska solo oer de streek.

Op it swiere, heuvelachtige parkoers en mei in hurde wyn beslikke Kramer de wedstriid by it rinnen. Nei fiif kilometer kaam se allinnich op kop en rûn se by de konkurrinsje wei. Kramer waard ek al Nederlânsk kampioen by it duatlon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)