Huzen ûntromme fanwege brân

22 jun 2008 - 14:49

In pear huzen oan de Reigerstrjitte op It Hearrenfean binne sneintemoarn hiel betiid ûntromme troch de brânwacht. By ien fan de huzen stie de betimmering om ´e brievebus hinne yn ´e brân. Dêrwei wie de brân fierdergien nei de oare huzen.

It hûs dêr´t de brân begûn wie, hat aardich wat skea oprûn. De bewenners fan ´e oare huzen koene werom, doe´t de brân útmakke wie. De plysje hâldt sterk rekken mei brânstifting en docht ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)