Earste edysje ´Keltysk Liet´

22 jun 2008 - 14:13

De allerearste edysje fan it Nòs_Ur-sjongfestival waard sneontejûn yn Inverness yn Skotlân holden. Nòs Ur betsjut ´nije styl´ yn it Gaelic is it Keltyske-Skotske broerke fan Liet en Liet Ynternasjonaal.

Op Nòs_Ur wurdt songen yn it Bretonsk, Welsk, Iersk, Gaelic en Skotsk. Winners wiene Yr_Annioddefol yn it Welsk (sjuerypriis) en Gwennyn yn it Bretonsk (publykspriis). De winners fan Nòs_Ur geane, lykas de winner fan Liet, nei Liet Ynternasjonaal yn Sweden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)