Drinkelingen út wetter helle

22 jun 2008 - 12:30

Op it Van Harinxmakanaal by Ljouwert is sneon in ûngelok bard mei in lyts boatsje. It boatsje wie lek rekke. De trije Ljouwerters bedarren dêrtroch yn it wetter. De trije waarden rêden troch omstanners.

In âldere frou koe net swimme en rekke twa kear ûnder wetter foar't se derút helle wurde koe. De trije drinkelingen binne nei it sikehûs brocht, omdat se mooglik ûnderkuolle rekke wiene. Nei ûndersyk koene se wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)