Earste deititel Thewis Hobma

22 jun 2008 - 12:26
  • Thewis Hobma (foto: Martin de Jong)

Fierljepper Thewis_Hobma fan Easthim helle sneontejûn syn earste deititel fan it seizoen. Mei in sprong fan 18.93 meter wie er de bêste yn Gryptsjerk. Oane_Galama fan It_Heidenskip waard twadde mei 18.69.

By de junioaren gong de oerwinning nei Nard_Brandsma fan It_Heidenskip mei 17.50. Anna_Jet_Leyenaar fan Snits wie wer de bêste by de froulju mei 14.56 en Folkert_Heida fan Haskerdiken ljepte it fierst by de jonges. Syn 16.88 wie in persoanlik rekord.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)