55.000 minsken op Oerol

Foarstelling op Oerol
It Oerolfestival op Skylge hat dit jier in lytse 55.000 besikers lutsen. Dat is itselde tal as ferline jier. Der kamen dizze kear folle mear jongeren nei Oerol, seit de organisaasje. Dat soe foaral te krijen hawwe mei de nije muzykprogrammearring en de foarstellings fan jonge teatermakkers.
In soad minsken makken gebrûk fan it nije dei-arranzjemint op woansdei en de lêste sneon fan Oerol. Mooglik wurdt dat programma takom jier útwreide.