Drokte om reklamefleantúch

21 jun 2008 - 17:48

In fleantúch mei in reklamesleep hat sneontemoarn op de iepen dei fan de fleanbasis foar wat reboelje soarge. Op de reklamesleep stie de tekst ´Proud To Be Gay´, oftewol ´grutsk om homo te wêzen.

Dy tekst wie foar de organisaasje fan de íepen dei in folsleine ferrassing, en it fleantúch mocht dan ek net fierder fleane. De lieding fan ´e basis wol fierder gjin oar kommentaar jaan as dat it om in ynterne saak giet dy´t útsocht wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)