Herre tredde op turnmearkamp

21 jun 2008 - 17:06

Turner Herre Zonderland fan De Lemmer is yn Amsterdam tredde wurden op de mearkamp. Zonderland syn puntetotaal wie 83.300.

Jeffrey Wammes waard foar de tredde kear Nederlânsk kampioen op de mearkamp mei in totaalskoare fan 87.800. It sulver wie foar Anthony van Assche mei in skoare fan 83.400. Epke Zonderland docht allinne mei oan de rekstôk. Op dat tastel sil hy ek by de Olympyske Spelen yn Sina útkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)