Lemster hotel mei wol iepen

21 jun 2008 - 15:54

Hotel De Wildeman op'e Lemmer mei sneon dochs iepen. Dat hat de bestjoersrjochter freed besletten. Eigner Friso Goudberg stapte nei de rjochter, neidat de gemeente ferline wike de bou fan nije apparteminten yn it hotel stopsette.

Goudberg soe him net oan de regels hâlden hawwe. Sa waarden der mear apparteminten makke en wie de fentilaasje net goed genôch. De rjochter fynt dat er yntusken wol oan de regels foldocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)