Aksje tsjin militêr fertoan

21 jun 2008 - 14:43

Yn de binnenstêd fan Ljouwert is sneon in manifestaasje tsjin de iepen dagen op de fleanbasis. Op de Brol, oan it begjin fan de Voorstreek, wolle de aksjefierders it publyk dúdlik meitsje dat militêre fleantugen bedoeld binne om oarloch te fieren.

De moaie fleansjo's binne neffens har net it eindoel en soene in ferkeard byld jaan. Der wurde folders útdield en bern kinne kryttekeningen meitsje op strjitte. Der wurdt posityf reagearre, sizze de aksjefierders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)