Man falt út rút nei triuw

© Omrop Fryslân
In 24-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan freed op sneon ferwûne rekke, doe't er troch in húsgenoat ta it rút úttreaun waard.
De man stie op de earste ferdjipping fan in hûs oan de Klokstraat yn it rút fan de keamer. De húsgenoat joech him in triuw, it slachtoffer ferlear syn lykwicht en foel. Hy bedarre op strjitte en rekke ferwûne oan de holle. Hy is nei it sikehûs brocht.