Luchtbrêge op Saailân sloopt

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert begjint snein it earste sloopwurk foar de ferbouwing fan it Saailân. De luchtbrêge tusken it winkelsintrum en de V&D wurdt dan sloopt.
Sûnt freed is de passaazje ôfsletten foar de tarieding fan de sloop. Sneintemoarn betiid hellet in grutte kraan de brêge fuort. It binne de earste wurksumheden fan it omstriden Saailânprojekt, dêr 't ek de bou fan it nije Fries Museum, winkels en in gruttere parkeargaraazje diel fan binne.