Wergea yn teken Afke's Tiental

Alles oer Afke's Tiental op ynfopaneel
Wergea moet it Afke's Tsientaldoarp wurde, lykas Terherne it Kameleondoarp is. Sneontemoarn waard in ynformaasjeboerd ûntbleate mei útlis oer de plakken dy't yn de boeken fan Nienke van Hichtum foarkommme.
Dat fynt inisjatyfnimster Geeske van Wijngaarden dy't soarge hat dat it boerd der kaam. Afkes Tsiental is in populêr boek út 1903 skreaun troch de frou fan Piter Jelles Troelstra. De húshâlding fan Afke en Marten yn Wergea stie model foar dit boek,