Easterein en Winsum troch

20 jun 2008 - 21:45

De peloteurs fan Easterein ha freedtejûn op it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote har partij tsjin Mantgum wûn. Op it plein yn Easterlittens kaam Easterein mei trije spul achter. Dochs waard mei in 8-5 oerwinning de twadde omloop helle. Dêryn is tiisdei Easterlittens de tsjinstanner.

Winsum helle ek de twadde omloop troch in maklike 8-1 oerwinning tsjin Lollum-Waaksens. Winsum moat it opnimme tsjin de winner fan Ljouwert-Reahûs/Turns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)