Doop fan grutste skip Damen

20 jun 2008 - 21:31

Damen Shipyards yn Burgum hat freed it grutste skip doopt litten dat de werf ea boud hat. It seeskip Beautriumph is 120 meter lang en koe net yn Burgum ôfboud wurde. Spesjaal dêrfoar iepene Damen in festiging yn de Harnzer haven.

De Beautriumph is eigendom fan de Snitser rederij Unisea en wurdt ynset op in lijntsjinst tusken Europa en Súd-Amearika. Damen Shipyards hat in folle oarder-portefúlje. Allinnich fan dit type skip moatte der de kommende jierren noch tolve boud wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)