Brân yn stâl Tsjerkgaast

© Omrop Fryslân
Oan de Spannenburgerdyk by Tsjerkgaast is freedtejûn in stâl ôfbrând. It fjoer ûntstie yn de stâl, doe 't by wurk mei fleksapparaat in stekflam ûntstie. Nei alle gedachten is der gas út de jarreput kaam. Troch de stekflam stie al gau it dak fan de stâl yn brân.
Ien fan de meiwurkers is licht ferwûne rekke. De brânwacht fan Sint Nyk en Langwar waard oproppen om de brân te blussen. By de brân is nei alle gedachten asbest frijkommen. Dat leit allinnich op it hiem by de stâl.