Garnalepeller presintearre

Freed is in masine presintearre dy't garnalen pelt. Dat barde yn Lauwerseach troch garnaleferwurker Heiploeg. Oan de masine is jierrenlang wurke. No wurde de garnalen earst noch nei Marokko brocht, dêr mei de hân peld en dan hjir wer ferkocht.
De fiskers fan Lauwerseach helje alle jierren in 12,5 miljoen kilo garnalen binnen foar ferwurker Heiploeg út Zoutkamp. De garnalen sille no troch 24 masines ferwurke wurde. In part sil foarearst noch yn Marokko peld wurde.