DDB mei net wer blokkearje

20 jun 2008 - 15:32
  • Rjochter: aksjes bûten proporsje

De Dutch_Dairymen_Board mei net opnij fabriken fan suvelkonsern Friesland_Foods blokkearje. Dat hat de rjochter yn Haarlem freed bepaald. It giet om in útspraak yn in koart pleit dat it fabryk oanspand hie tsjin de Dutch_Dairyman_Board.

Dy blokkearre ein maaie in sântal fabriken fan Friesland Foods, wêrûnder fjouwer yn Fryslân. Se diene dat om in hegere priis foar har molke te krijen. Neffens de rjochter binne de aksjes ûnrjochtmjittich en bûten proporsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)