Te folle drank speedboatracer

20 jun 2008 - 15:12

De Ljouwerter (45) dy't de speedboat bestjoerde dy't twa wike lyn by Grou in ûngelok mei deadlike ôfrin hie, hie tefolle dronken. It Nederlands Forensisch Instituut yn Den Haach hat fêststeld dat de man in promillaazje alkohol fan 1 yn syn bloed hie, wylst op it wetter 0,8 tastien is. Op 'e dyk is it maksimum 0,5.

Fan de oare opfarrenden is de útslach fan it bloedûndersyk noch net bekend. De bestjoerder en de eigner sitte fêst op fertinking fan deaslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)