Snein minysinneboaterace
De sprintwedstriden fan de Sinneboatrace oankommende snein wurde opfleure mei de finale fan de minysinneboaterace foar learlingen fan basisskoallen. Dat bart middeis yn de Prinsetún yn Ljouwert.
Der hawwe 100 teams meidien dêr't no fyftjin fan oer binne. De prizen wurde útrikt troch deputearre Anita Andriesen en Wubbo Ockels.