Drokte fleanbasis falt ôf

20 jun 2008 - 11:15

It oantal besikers op de earste fan de twa iepen dagen fan de fleanbasis yn Ljouwert foel mei 50.000 wat ôf. Der wiene freed 80.000 minsken ferwachte. Mei de files foel it dan ek ta.

De plysje ferwachte in soad ekstra ferkear op de dyk. De A31 tusken Ljouwert en Dronryp is dizze dagen by Marsum ôfsletten. Ek op de dyk fan Ljouwert nei Hurdegaryp is ien baan ôfsletten. Op dy stikken dyk kinne besikers de auto parkeare en mei bussen nei de fleanbasis ta gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)