Reduzum op slach

Reduzum-Baard 8-0
Mantgum wûn tongersdei de lêste partij yn de foarronde fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn de lêste slach fan Wjelsryp. Op 5-5 en 40-40 gong de winst nei Mantgum. Op it plein yn Easterlittens hie Reduzum it yn de earste omloop net dreech tsjin Baard. It waard 7-0 en 40-15 foar de Redústers.
Easterlittens tsjin Makkum wie ek net spannend. Op it eigen doarp wûnen de Littensers mei 8-2.