Offal moat better skieden

20 jun 2008 - 10:09

It ôffal yn de gemeente Achtkarspelen moat better skieden wurde. Der sit no noch tefolle ôffal yn de grize kontener dat eins yn de griene kontener heart en papier. Dat is min foar it miljeu en it kostet ekstra jild.

Wethâlder Pieter van der Veen komt mei maatregels om dêr wat oan te dwaan. Dat sei hy tongersdei op de riedsgearkomste. Sa wurde de konteners yn de takomst mooglik kontrolearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)