Bewenners Alde Feanen op rioel

© Omrop Fryslân
Bewenners fan natuergebiet De Alde Feanen binne der net bliid mei dat se oer in pear moannen oansletten binne op it rioel. Oant no ta litte de bewenners it ôffalwetter yn it gebiet rinne, mar dêr komt mei de oansluting op it rioel in ein oan.
It giet om tritich wenhuzen en -boaten dy't op it rioel komme. Deputearre Tineke Schokker joech tongersdei it startsein foar de wurksumheden.