Nije klaaikeamers SC De Jouwer

19 jun 2008 - 19:38
  • De Jouster tribune (foto Martin de Jong)

Sportklub De Jouwer krijt sa goed as wis acht nije klaaikeamers. It giet om klaaikeamers by de âlde fjilden op sportpark De Hege Simmerdyk. Yn 2001 krige De Jouwer nije foarsjennings, sa as in kantine en nije klaaikeamers. De âlde fasiliteiten wiene no oan ferfanging ta.

De fuotbal- en kuorbalferieniging ha de gemeente Skarsterlân frege om in rinteleaze liening fan 305.000 euro. It kollezje moat dêr no noch in beslissing oernimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)