Nije plysjesjef foar Ljouwert

© Omrop Fryslân
By plysje Fryslân wurdt Sylvia_te_Wierik de nije teamsjef fan Ljouwert. Se is de opfolger fan Marc_Jaobs, dy´t direkteur wurden is fan ´e hotelskoalle yn Ljouwert. Te_Wierik wurdt op 1 augustus beneamd.
Sylvia_te_Wierik wurket al mear as tweintich jier by de plysje en is no sjef fan it team yn Smellingerlân en Opsterlân. Dêrfoar wie se plakferfangend distriktssjef yn Drachten en op It_Hearrenfean.