Alde HTS wurdt sloopt

19 jun 2008 - 11:23

De âlde HTS oan de Tesselschadestrjitte yn Ljouwert wurdt definityf sloopt. Op it plak fan it âlde skoalgebou komme huzen. De Noardelike Hegeskoalle hat dêroer in akkoart berikt mei projektûntwikkelder Varesa.

De NHL is op dit stuit drok dwaande mei it bouwen fan de nije kenniskampus. Dêr komme alle studinten fan de hegeskoalle byelkoar. It âlde gebou oan de Tesselschadestrjitte is oerstallich. In oare oplossing as sloop sjocht de NHL net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)