Spotters útnoege op fleanbasis

Freed barst it spektakel op de fleanbasis fan Ljouwert yn folle krêft los. Tûzenen besikers krije de kâns om allerhanne fleantugen te besjen. Ek binne der op de iepen dei wer tal fan fleanshows fan demonstraasjeteams út Itaalje, Jordaanje en Poalen.
Tongersdei komme de measte fleantugen binnen. Dêrom hat de fleanbasis spotters útnoege op de basis sels. Sy kinne dan yn alle rêst en sûnder oerlêst te feroarsaakjen harren foto´s meitsje.