381 auto´s ride te hurd

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei yn Wytmarsum, Skettens en Wûns snelheidskontrôles hâlden yn ferbân mei klachten fan omwenners. Op de Alde_Rykswei yn Skettens waarden 400 auto´s kontrolearre. Dêrfan rieden 140 te hurd. De heechste snelheid dy´t metten waard wie 151 kilometer.
Op de Arumerwei yn Wytmarsum riden 136 fan de 540 automobilisten te hurd en op de Weerswei yn Wûns wiene dat 105 fan de 840.