Klok Hichtum docht it wer

19 jun 2008 - 07:04

Yn de tsjerketoer fan Hichtum sit nei alve jier wer in klok dy't it docht. It 400 jier âlde oerwurk is no folslein opknapt. Der sit in nije wizerplaat op, dy't opfalt omdat der mar ien wizer op sit.

De 85-jierrige Bergsma fan Wytmarsum hat wiken lang oan de gong west om it âlde oerwurk wer oan de praat te krijen. Foar de 5000 euro dy't de operaasje koste hat siket de tsjerke noch sponsors.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)